Luuc Eisenga wurdt direkteur fan NAC Breda

27 mrt 2019 - 19:57

Ald-direkteur Luuc Eisenga fan Sportklup Hearrenfean wurdt de nije direkteur fan NAC Breda. Dat meldt de Brabantse klup op de eigen webside. De 46-jierrige Eisenga tekenet in kontrakt foar ûnbepaalde tiid by de nûmer lêst fan de earedifyzje.

Luuc Eisenga fan SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

Eisenga gie mei yngong fan 1 maart fuort by Sportklup Hearrenfean. Syn funksjonearjen lei al langer ûnder fjoer. Foardat Eisenga by Hearrenfean aktyf waard, wie er foarsitter fan de AIGCP, de belangeferiening fan de profesjonele hurdfytsploegen. Ek hat er parsefoarljochter west by Team Telecom en LottoNL-Jumbo.

By SC Hearrenfean binne de taken fan Eisenga oernommen troch Cees Roozemond.

(Advertinsje)
(Advertinsje)