Tsientallen ynskriuwingen foar 'lêste' fytstocht oer Ofslútdyk

Tsientallen minsken hawwe har yntusken opjûn foar in fytstocht oer de Ofslútdyk op 31 maart. It is de lêste kear dat it kin, want mei yngong fan 1 april wurdt in part fan it fytspaad ôfsletten. Dat is nedich, foar ûnderhâld, mar fytsers binne dêr net bliid mei, want dat wurk kin wol jierren duorje.
Ofslútdyk © Shutterstock.com
In delegaasje fan it Fytsersbûn hat mei Rykswettersteat om tafel west, mar dy petearen ha oant no ta noch net sa'n soad opsmiten. "We hebben een aantal vragen neergelegd, omdat we nog wel mogelijkheden zien om het voor fietsers open te houden", fertelt Kees Mourits fan it Fytsersbûn. "En daar gaan ze op terug komen."

Flechtstripe

"Wij gaan uit van het standpunt: als er plek is om auto's via twee banen te leiden, dan moet er ook plek zijn voor de fietsers. Van de vluchtstrook zou een fietsstrook gemaakt kunnen worden. Er mag straks toch maar vijftig worden gereden."
No wurdt der 31 maart in fytstocht organisearre. Mar wat makket de Ofslútdyk sa spesjaal as fytsrûte? "Het is toch alsof je de overtocht over de zee maakt, met de fiets. Over een paar jaar wordt het helemaal geweldig, want dan krijgen we een fietspad aan de Waddenzeekant."
Kees Mourits fan it Fytsersbûn
Twa jier hielendal net fytse kinne oer de Ofslútdyk sjocht it bûn dus net sitten. "Dat vinden we wel vrij extreem. Uiteindelijk houden we er een prachtig fietspad aan over, maar als we nog een scherp en goed kijken, zou het toch mogelijk moeten zijn om - ook al is het periodiek - gebruiken te kunnen maken van de Afsluitdijk."
Oer twa wike hat it Fytsersbûn wer in ôfspraak mei Rykswettersteat yn Utrecht. Dêr sille ûnder oare ek de Nederlandse Toer Fiets Unie, Wandelnet en Landelijk Fietsplatform by oanwêzich wêze. Ek dy organisaasjes meitsje harren hurd foar tagong ta de Ofslútdyk yn de perioade dat dy ôfsletten is.