Omrop Fryslân wint NL Award foar radioprogramma Buro de Vries

Omrop Fryslân hat woansdeitejûn in NL Award yn de wacht sleept. De priis waard útrikt yn de kategory 'Beste Radioprogramma' en gie nei de Buro de Vries-dokumintêre fan Geartsje de Vries oer de Fryske transgender Manon: "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere.
Omrop Fryslân wint NL Award
Yn totaal wiene der trije programma's fan Omrop Fryslân nominearre foar in NL Award. Yn de kategory 'Eigen Nieuws' foel it item oer de Fryske readbûnte kij, dy't mei útstjerren bedrige binne, bûten de prizen. Ek wie der gjin priis foar de Fryslân Dok De Joadske Brulloft fan Annet Huisman dy't meidie yn de kategory 'Dokumintêre'.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Jierlikse ûnderskiedingen

De NL Awards binne de jierlikse ûnderskiedingen foar de bêste programma's fan de regionale publike omroppen. Dy kinne programma's ynstjoere foar dizze priis. De prizen wurde útrikt by it jierlikse kongres foar meiwurkers fan regionale omroppen: it NL Media Event. Der binne seis kategoryen mei elk trije nominaasjes.
NL Awards bylden Jorrit Meinsma