Maarten van der Weijden wol wer Alvestêdetocht swimme

27 mrt 2019 - 18:20

Swimmer Maarten van der Weijden wol ein juny opnij besykje om de Alvestêdetocht te folbringen. Ferline jier moast er nei 163 kilometer opjaan, sa'n 40 kilometer foar de finish, omdat hy it lichaamlik net mear oankoe.

Maarten van der Weijden tusken Lekkum en Gytsjerk - Foto: 11stedenzwemtocht

De reden dat Van der Weijden it opnij besykje sil, is dat er wer jild ynsammelje wol foar ûndersyk nei kanker. Ferline jier hie er 5 miljoen euro ophelle en koe er tolve ûndersiken nei kanker stypje. "Maar zo lang ook vorig jaar weer tienduizenden mensen overleden aan kanker, blijft onderzoek hard nodig. Dus ga ik door om geld op te halen. En dat kan ik nu eenmaal het beste doen door te zwemmen", seit Van der Weijden.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De Alvestêdeswimtocht wurdt fan 21 oant 24 juny hâlden en der kinne 3.000 minsken mei him meiswimme op ferskate plakken. Van der Weijden: "Vorig jaar kon het meezwemmen helaas niet doorgaan door de te slechte waterkwaliteit. We doen er alles aan om dat dit jaar te voorkomen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)