Steatelidmaatskip Remco van Maurik komt ta in ein

27 mrt 2019 - 17:57

Foar PvdA-steatelid Remco van Maurik sit it steatelidmaatskip derop. Yn dy perioade hat hy sjoen dat de PvdA de helte lytser wurden is: fan 12 nei 6 sitten. En fan fêste koälysjepartij nei de ôfrûne fjouwer jier opposysjepartij.

Foto: PvdA Fryslân

Van Maurik ferwyt himsels en de fraksje net safolle oer dat de sitten troch de helte gien binne. It is neffens him in lanlike trend. De grutste teloarstelling foar Van Maurik is it feit dat der gjin goed beslút oer it wynmûnebelied kaam is de ôfrûne jierren. Neffens him hie 'Fryslân voor de Wind' folge wurde moatten.

Van Maurik tinkt net dat it in definityf ôfskied foar him is fan de polityk. Hy wachtet no ôf wat der barre sil. Hy is beskikber om deputearre te wurden foar de Partij van de Arbeid.

Koälysje-ûnderhannelings

It hinget ôf fan de koälysje-ûnderhannelings. De fraach is oft syn partij dêroan dielnimme sil en dêrby wurde der mear nammen neamd as kandidaat. "Als de partij een beroep op mij doet dan zeg ik geen nee."

Der sit neffens Van Maurik gjin âld sear oer it feit dat de PvdA fjouwer jier lyn as twadde partij bûten it kolleezje hâlden is.

(advertinsje)
(advertinsje)