FIDEO: De Natuerdetektive is op syk nei de kreaklyster

Ien kear yn de moanne siket Natuerdetektive Remco de Vries wat op yn de natuer. Hy krijt de opdracht om wat bysûnders yn de natuer te sykjen en hat in dei om dat foar elkoar te krijen. Hy hat achter fan alles oan sitten. Dizze kear siket De Vries nei de kreaklyster.
Op syk nei de kreaklyster; de Natuerdetektive
It is wat in tragysk gefal; de kreaklyster. Yn syn soart is it bêst in grutte fûgel, mar in hiel soad minsken ha noch nea heard fan dizze 'grote lijster' sa't er yn it Hollânsk hjit. Dochs skarrelet der op guon plakken rûn yn ús provinsje en it leafst net yn it sicht fan minsken.
Je hearre de fûgel yn de regel earder as dat je him sjogge. Us Natuerdetektive krige yn de rein en hurde wyn de opdracht om de kreaklyster te finen by Rûgehuzen yn Gaasterlân.