Dorrepaal nimt ôfskied fan Steaten: as kommissaris leaver Brok as Jorritsma

27 mrt 2019 - 17:26

Teus Dorrepaal, ien fan de Steateleden dy't woansdei nei tolve jier ôfskied nimt, fynt Arno Brok as kommissaris fan de Kening better as John Jorritsma. "Jorritsma was wat zakelijker. Dan mis je de franje van de menselijkheid. Dat hebben we nu wel."

Arno Brok by it earste ljipaai fan dit jier - Foto: ANP

Yn syn tolve jier yn de Fryske Provinsjale Steaten hat Dorrepaal trije ferskillende kolleezjes fan Deputearre Steaten meimakke. "En we hebben in die periode vier commissarissen gehad, die allemaal hun eigen stijl hadden", fertelt it ôfskiednimmende steatelid fan it CDA. "Je merkt dat aan de sfeer in de vergaderingen en aan de manier waarop je de debatten voert."

Jorritsma 'niet de fijnste commissaris'

Syn twadde perioade yn de Steaten, tusken 2011 en 2015, fûn Dorrepaal it moaist. "Niet omdat de eensgezindheid in het college optimaal was, maar vanwege de spanning in de onderwerpen die we bespraken. Culturele Hoofdstad hoorde daarbij." Yn dy perioade wie John Jorritsma kommissaris. "Dat vond ik niet de fijnste commissaris", seit Dorrepaal. Dat klinkt slimmer as dat it is. "Ik geef hem een 9,2. De huidige commissaris, Arno Brok, geef ik een 9,8. Allebei een dikke voldoende, maar toch anders."

Teus Dorrepaal

John Jorritsma yn 2013, doe't er kommissaris wie - Foto: ANP

Wêr sit it ferskil him dan yn? "Dat Jorritsma wat zakelijker was kán een voordeel zijn, maar het kan ook een bepaalde vrijblijvendheid uitstralen. Dan is het een technisch kunstje dat je goed verstaat", seit it skiedend steatelid.

N381 - Foto: Google Street View

Dorrepaal is benammen bliid mei twa grutte ûnderwerpen. "Het hoogtepunt is de infrastructuur en de verdubbeling van de N381." De dyk nei Easterwâlde ta dus. "Daar heb ik zelf ook hard aan gewerkt en ik vind dat het een mooie verkeersaders is geworden. Ook mooi aangelegd."

It twadde hichtepunt: "Dat we het college een nieuwe ambitie hebben gegeven om het openbaar vervoer in 2025 emissievrij te hebben. Dat vind ik een mooi resultaat, want daarmee hebben we de toon gezet ten aanzien van het debat over klimaat."

Foto: Omrop Fryslân

Dorrepaal fynt it spitich dat syn perioade yn de Steaten ta in ein komt. "Ik was nog graag doorgegaan." Hy makket him ek soargen oer it grutte ferrin yn de Steaten. Fan de 43 steateleden, bliuwe der mar fyftjin. En dy fyftjin krije neffens Dorrepaal benammen de earste moannen fierstente folle macht. "Zij hebben de kennis van de dossiers. Alle nieuwkomers hebben die niet." Dat is gjin goede balâns, fynt Dorrepaal. De partijen moatte it deroer ha.

Dêrnjonken baalt er derfan dat it yn de oanrin nei de ferkiezingen benammen gong oer de Earste Keamer. Dat moat, as it oan Dorrepaal leit, loskeppele wurde fan de steateferkiezingen. "Het is vervuiling van het totale proces", seit er.

(advertinsje)
(advertinsje)