IM by rjochtsaak A7-blokkearders: "Elke feroardielde moat DNA ôfstean"

27 mrt 2019 - 17:04

Der is wol deeglik reden om DNA ôf te nimmen fan de Friezen dy't yn novimber 2017 de A7 by De Jouwer blokkearre hawwe, om anty-Swarte Pyt-protesten yn Dokkum foar te kommen. Dat hat it Iepenbier Ministearje woansdei sein by de behanneling fan it beswier fan njoggen fan de A7-blokkearders foar de rjochtbank yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Advokaat Tjalling van der Goot sei dêr dat it blokkearjen fan in dyk hielendal gjin oanlieding is om DNA ôf te nimmen en op te slaan yn de lanlike DNA-databank. It Iepenbier Ministearje fynt dat de rjochter dêr net nei harkje moat. Parse-offisier Debby Homans: "De wetgever is eigenlijk heel duidelijk: van iedere veroordeelde moet DNA worden afgenomen. Dat geldt dus ook voor deze veroordeelden."

Parse-offisier Debby Homans fan it Iepenbier Ministearje

Advokaat Tjalling van der Goot fan de A7-blokkearders tinkt dêr hiel oars oer. "It giet yn de kearn om in ferkearsfeit en dêr binne wat oare juridyske etiketten opplakt, mar it giet om it ta stân bringen fan in file en it twingjen fan minsken om yn dy file te stean. Dat is in ferkearsfeit en dêryn spilet DNA oer it algemien net gau in rol."

De rjochter docht oer trije wike útspraak. De strafsaak yn heger berop tsjinnet ein septimber. It gerjochtshôf fan Ljouwert lûkt dêr fjouwer dagen foar út.

Advokaat Tjalling van der Goot

(advertinsje)