Kening Willem-Alexander docht Skylge en It Amelân oan

Kening Willem-Alexander hat woansdei in ferrassingsbesite brocht oan twa Waadeilannen; Skylge en It Amelân. De besite sette woansdeitemoarn útein op Skylge. Dêrnei is de kening yn in helikopter ôfset nei It Amelân.
Willem-Alexander op It Amelân
It gie om in besite yn it ramt fan 'Samen Doen', wêrby't kollektive inisjativen fan boargers en koöperaasjes sintraal steane.
Op It Amelân begûn dat mei in besite oan it Sinnepark, wêrby't praat is mei de koöperaasje, de gemeente en Eneco. Dêrnei gie de Kening yn petear mei in ferskaat oan minsken dy't belutsen binne by it jutten yn it algemien en yn it bysûnder de kontenertroep dy't begjin dit jier folop oanspielde op it eilân.
De besite waard ôfsletten op fakânsjepark Klein Vaarwater dêr't de koöperative wurkwize yn it toerisme sintraal stie en de ferduorsuming fan it eilân. Om ûngefear healwei fjouweren wie it allegearre wer dien.