Gerbrandy foar Onafhankelijke SenaatsFractie yn Earste Keamer

FNP'er Gerben Gerbrandy komt foar de Onafhankelijke SenaatsFractie yn de Earste Keamer. De OSF hat de âld-boargemaster fan Achtkarspelen keazen as nije senator.
© Omrop Fryslân
Gerbrandy stie op nûmer trije, mar waard sneon troch de ledegearkomste foardroegen as nûmer ien troch de OSF-leden. De foarkar giet boppe dy fan Bernard Minderhoud dy't op oarspronklik op nûmer ien stie.
De OSF is in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen, dêr't ek de FNP by oansletten is. Sy skoden Gerbrandy al nei foaren as har kandidaat. Partijfoarsitter Durk Stoker sei earder al dat it net logysk wie dat Minderhoud foar de OSF yn de Earste Keamer komme soe.
Woansdei hat de OSF definityf foar Gerbrandy keazen. De Gauster fynt it moai dat hy it fertrouwen krigen hat en hat wakker nocht oan it senatorskip. Hy wurdt de opfolger fan Hendrik ten Hoeve, dy't tolve jier yn de Earste Keamer sitten hat foar de OSF.

Ien sit foar OSF

It wie lang ûndúdlik oft de OSF wol in sit yn de Earste Keamer krije soe, mar neffens de oankommend senator liket dat no wol wis. De ûnôfhinklike partij krijt in restsit.
Op 27 maaie kieze de 570 leden fan alle Provinsjale Steaten de leden fan de Earste Keamer.