Seis skiedende Steateleden krije lintsje by ôfskied

Seis ôfskied nimmende leden fan de Fryske Provinsjale Steaten binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. It giet om de CDA'ers Teus Dorrepaal, Fernande Teernstra en José Vroonland, VVD'er Sylvia José Hosman, PvdA'er Remco van Maurik en 50PLUS-Steatelid Jan Waterlander.
Ofskied Steateleden
In lintsje wurdt útrikt oan Steateleden dy't tolve jier sitten ha.
De seis Steateleden krigen de byhearrende fersiersels woansdei út hannen fan de kommissaris fan de Kening en foarsitter fan Provinsjale Steaten, Arno Brok, opspjelde.
© Provinsje Fryslân