Twangsomme foar Sneupersmerke Hearrenfean op 'e nij fan tafel fage

27 mrt 2019 - 16:29

De gemeente Hearrenfean hat net terjochte in twangsomme fan 50.000 euro oplein oan túnsintrumeigner René Bos en syn Sneupersmerke oan de Domela Nieuwenhuiswei op It Hearrenfean. Dat hat de Ried fan Steat woansdei sein.

Foto: Google Street View

De rjochtbank Noard-Nederlân hie de twangsomme yn april ferline jier ek al ôfsketten, mar doe gie de gemeente yn heger berop. Neffens de gemeente is op de Sneupersmerke folle mear te keap as allinnich guod út de boumerk en it túnsintrum. It giet dan bygelyks om doazen mei papier, twaddehânsk klean, brûkte stripboeken en waskmiddels.

De Ried fan Steat seit no lykwols dat de twangsomme fierstente rom formulearre is, want der falle ek artikels ûnder dy't Bos wol ferkeapje mei.

(advertinsje)