Swartreizger krijt wike sel foar mishanneling Arriva-meiwurkers

27 mrt 2019 - 15:52

In 19-jierrige man út Ljouwert moat in wike de sel yn, omdat hy septimber ferline jier op it treinstasjon by Mantgum twa meiwurkers fan Arriva mishannele hat. De fertochte, in asylsiker út Eritreä, wie yn Mantgum út de trein setten, omdat hy gjin jildich ferfierbewiis hie. De man joech him dêr net by del en besocht dochs wer yn de trein te kommen.

It stasjon fan Mantgum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In steward fan Arriva woe de man tsjinhâlde, mar de man út Eritreä waard agressyf en soe de steward slein hawwe. In masinist woe ek helpe, mar de trije manlju bedarren fjochtsjend op de grûn.

De masinist hie nei de tiid lêst fan syn knibbel en syn earm. De man út Eritreä moat net allinnich in wike yn de sel, hy moat ek 650 euro oan smertejild betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)