Ekokatedraal feilige haven foar mei sloop bedrige bibelsk mozayk

It mozaykstik mei in bibelske foarstelling út de eardere Petra-skoalle op It Hearrenfean hat definityf in nij plak krigen yn de ekokatedraal op It Hearrenfean.
© Stichting TIJD
Ferline jier waard it mozayk rêden fan de sloop, neidat in meiwurker fan de skoalle alarm slein hie. It keunstwurk is makke troch Ada Dekker út Krommenie en ferbyldt de bibelske tekst 'Lit de bern ta my komme'.
It mozayk is ûngefear in meter breed en fyftich sintimeter heech. It is no troch frijwilligers ferwurke yn in bouwurk dat hielendal opboud is út opsteapele stiennen. Dat hat al de namme 'Petra-rots' krigen.
De ekokatedraal bestiet al sûnt de jierren 70 en is boud mei âlde tegels en stiennen.