Sa fart in orizjinele lâningsboat út Twadde Wrâldoarloch yn Harns

In bysûndere boat fart in stikje yn de haven fan Harns. It giet om in orizjinele lâningsboat, fan in model dat 75 jier lyn in wichtige rol spile hat by de ynvaazje fan Normandië en dêrmei de befrijing fan Europa.
Lâningsboat Harns
De boat is it ôfrûne jier restaurearre yn Harns yn opdracht fan in Britsk-Amerikaanske organisaasje dy't histoaryske tanks en pantserweinen opknapt.

Grutskalige betinkingen

Dit jier binne der yn Normandië grutskalige betinkingen fan D-day. It plan is om de boat op 6 juny, eksakt 75 jier nei dato, noch in kear lânje te litten op Omaha Beach yn Normandië. Op de boat sil de hast orizjinele bemanning meifarre.
Nei de tocht sil de boat nei Amearika skipe wurde, dêr't er ea boud is. Woansdei wie de proeffeart en dat wie ek de lêste kâns om de unike boat nochris farren te sjen yn Nederlân.