Cambuur net fierder mei topskoarer Van Kippersluis en njoggen oaren

27 mrt 2019 - 15:05

Sportklup Cambuur giet net fierder mei tsien spilers dy't dit jier noch by de seleksje sitte. Dêrby sit ek topskoarer Kevin van Kippersluis. Mei seis oare spilers giet Cambuur wol troch.

Kevin van Kippersluis - Foto: www.orange-pictures.nl

By njoggentjin spilers hie Cambuur in opsje yn it kontrakt. No wurdt dy by seis spilers definityf: Sai van Wermeskerken, Issa Kallon, Nigel Robertha, Pieter Bos, Robin Maulun en David Sambissa.

Mei tsien oaren geane de Ljouwerters net fierder. Njonken Van Kippersluis binne dat Emmanuel Mbende, Kevin Schindler, Robert van Koesveld, Daan Boerlage, Tyrone Conraad, Julian Calor, Andrejs Ciganiks, Nino van den Beemt en Matthew Steenvoorden.

Letter beslút oer trije

Dan bliuwe der noch trije spilers oer: Kevin Jansen, Matías Jones en Robbert Schilder. Oer dy trije nimt Cambuur letter in beslút.

Klups moatte alle jierren foar 1 april witte litte oft se de opsjes yn it kontrakt fan spilers lichte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)