Gleonkoppen Feanwâlden krije sinten foar jeugdsoas

De Gleonkoppen, in groep jongeren yn Feanwalden, krijt de 83.000 euro dy't se graach woene foar in eigen plakje. Yn de plannen fan gemeente Dantumadiel foar it MFC wiene de Gleonkoppen net meinaam.
© Facebook, Jeugdsoos de Gleonkoppen
Mei de sinten wurdt in kelder boud. Dy moat funksje dwaan as nije jeugdsoas yn it sintrum fan Feanwâlden.
De âlde jeugdsoas hjit fan De Wâldpyk. Dy namme wol de jongerein fan Feanwâlden net oanhâlde foar it nije plak. "Wâldpyk waard dochs wat yn swart deiljocht sjoen. We tochten, we dogge it oars. Gleonkop is in typyske bynamme foar immen fan Feanwâlden", sei ien jonge út it doarp.