Opkomst befolkingsûndersyk termkanker heger as ferwachte

27 mrt 2019 - 14:19

It befolkingsûndersyk nei termkanker is in grut sukses: de opkomst is folle heger as ferwachte. Alderen kinne in poeptest ynleverje foar kontrôle en dat dogge se manmachtich. As termkanker betiid ûntdutsen wurdt, is de kâns op in goede behanneling grutter. It RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) ferwachtet dat de kommende jierren goed 2.000 stjergefallen foarkommen wurde sille.

Foto: ANP

Fan it befolkingsûndersyk út krije minsken in slúf tastjoerd. "Dêr sit in plestik staafke yn. Dat moatte je troch de ûntlêsting, dy't je thús opfange, helje. Dan stjoere je dat op en wurdt der sjoen oft der bloed yn de ûntlêsting sit. Dan wurde je trochferwiisd nei termûndersyk", fertelt mage-, term- en leverdokter Sietske Corporaal fan it Medysk Sintrum Ljouwert.

It RIVM wiist in plakje ta yn it sikehûs dêr't as earste plak is yn de regio. Koart dêrnei wurdt der in termûndersyk ynpland. Dan wurdt der mei in kameraatsje oan de binnenkant sjoen.

Mage-, term- en leverdokter Sietske Corporaal fan it Medysk Sintrum Ljouwert

"It is in ûndersyk dêr't risiko's oan fêst sitte. Gelokkich sjogge we it net faak misgean. Mar dat is wol wat om rekken mei te hâlden", seit Corporaal. As der dan termkanker fêststeld wurdt, wurdt der in operaasje ynpland om de kanker fuort te heljen.

It is in befolkingsûndersyk dat goed resultaat opsmyt. "We komme bêst wol faak dingen tsjin en dêrmei - dat moat no de tiid leare - meitsje we de kâns op termkanker lytser", beslút Corporaal.

(advertinsje)