No ek ferbod op oplitten ballonnen yn Dantumadiel

De gemeenteried fan Dantumadiel is foar in ferbod op it oplitten fan ballonnen. De fraksje fan Sociaal Links hie de moasje yntsjinne. Ut in ûndersyk earder dizze moanne hie al bliken dien dat hieltyd mear gemeenten mei sa'n ferbod komme.
© Pexels.com
"Eigenlijk kunnen opgelaten ballonnen worden beschouwd als zwerfafval", seit Auke Sikma fan Sociaal Links.
De fraksje fan S!N yn Noardeast-Fryslân wol dêr ek sa'n ferbod opperje.

Fisken en fûgels ite de ballonnen

Belangrykste reden foar in ferbod is dat fisken en fûgels de ballonnen oansjogge foar iten. Dêrtroch kinne se tangele reitsje yn de ballonelinten. By ynspeksjes op de strannen wurde yn trochsneed sa'n tolve parten fan ballonnen fûn op 100 meter strân.
It Amelân hie yn 2018 al in ferbod op it omheech gean litten fan ballonnen. Sûnt it begjin fan 2019 is der ek in ferbod fan krêft op Flylân, Skylge en Skiermûntseach. Op it fêste lân is datselde it gefal yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Hearrenfean, Waadhoeke en Harns. No heart Dantumadiel dêr ek by.

Untmoedigingsbelied

Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Noardeast-Fryslân hawwe in ûntmoedigingsbelied.
Fjouwer gemeenten yn Fryslân ha gjin belied oer ballonnen. Dat binne Waadhoeke, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Weststellingwerf. Yn dy lêste gemeente kaam GrienLinks begjin maart ek mei in foarstel foar in ferbod. De measte partijen fûnen dat te fier gean.

Benammen kustgemeenten

Neffens Stichting Noordzee binne benammen de kustgemeenten en de Waadeilannen ta in ferbod oergien. Yn Fryslân en Noard-Hollân hawwe fjouwer op de tsien gemeenten in ferbod ynsteld. Yn Limboarch hat mar ien fan de 31 gemeenten in ferbod ôfkundige.