Hege besite: kening Willem-Alexander bringt ferrassingsbesite oan Skylge

27 mrt 2019 - 13:58

Kening Willem-Alexander hat woansdeitemoarn in wurkbesite brocht oan Skylge. It gie om in besite dy't yn it foar net oankundige wie.

Foto: Bunkermuseum Terschelling

Neffens de gemeente Skylge hat de kening ûnder oare op besite west by de KNRM en by bunkers op it eilân. De besite wie yn it ramt fan 'Samen Doen'. Mei dat lanlike projekt wurdt besocht minsken te belûken by de lokale mienskip en ekonomy.

(advertinsje)