VVD Tytsjerksteradiel: 'Meganisaasjebedriuw yn Eastermar moat kinne'

27 mrt 2019 - 13:58

De VVD yn Tytsjerksteradiel komt yn aksje om sluting fan in lânboumeganisaasjebedriuw oan de Witveensterweg yn Eastermar foar te kommen. Neffens it bestimmingsplan fan de gemeente, mei der yn de âlde buorkerij gjin bedriuw fêstige wêze.

Trekker op it lân - Foto: Shutterstock.com

De gemeente driget dêrom sels mei in twangsomme. De VVD is it dêr net mei iens en wol de saak tongersdei oan de oarder stelle yn de gemeenteried. De fraksje wol dat it bestimmingsplan oanpast wurdt, sadat de bedriuwsaktiviteiten trochgean kinne.

Fraksjelid Sjaak Hoekstra fynt it ûnlogysk dat boeren foar in reparaasje oan har trekker net mear yn de buert terjochte kinne.

Neffens de VVD is der yn de buert in protte stipe foar it meganisaasjebedriuw, der soe mar ien bewenner mei beswieren wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)