Nije kristlike lietebondel mei 168 Fryske lieten

27 mrt 2019 - 12:16

Der komt in nije lietebondel mei Fryske lieten. Der wie al ien, mar de makkers fan de nije bondel fûnen dat dêryn noch in soad moaie lieten misten. Dêrom komt der no in nije bondel mei 168 lieten: Lieten fan Leauwe en Langstme.

Foto: David de Jong

David de Jong oer de lietebondel

It boek is in inisjatyf fan Stichting Krúspunt en Deputaten Fryske Earetsjinsten. Dy ynstânsjes hawwe tegearre de bondel gearstald. Yn de bondel stiet in breed repertoire fan bekende lieten. Mar der binne fansels ek nije lieten yn opnaam.

Ien op ien oersetting

Ien fan de inisjatyfnimmers en redakteurs is dûmny en lid fan de Deputaten Fryske Earetsjinsten David de Jong. "Der binne in soad lieten yn it Frysk beskikber kaam troch de útjefte fan it nije Lieteboek, dêr stean mear as 1.000 lieten yn, mar dy wiene in ien op ien oersetting út it Hollânsk. Orizjineel Fryske lieten steane der dus net yn", fertelt De Jong.

"Wy fûnen it dochs moai om in oanfolling te meitsjen mei Fryske lieten en mei materiaal dat yn de rin fan de jierren by elkoar brocht is. Der stean ek nije lieten yn dus."

Neffens De Jong komt in dyn leauwen folle tichterby ast sjongst yn in taal dy't tichterby dyn hert leit. "It is net allinnich mar in stikje opkomme foar de Fryske kultuer. Ik leau ek dat as je in liet sjonge yn je eigen taal, je folle better fiele wêr't it om giet."

De Jong begûn sels mei it oersetten fan Hollânske lieten dy't hy moai fûn en dy't hy de minsken by Fryske tsjinsten dy't hy foargiet, sjonge litte wol. De dûmny hopet dat de nije bondel yn in soad Fryske tsjerken brûkt wurde sil.

It boek sil freedtejûn 29 maart om 19.30 oere yn De Fontein yn Drachten presintearre wurde. Tagong is fergees.

(Advertinsje)
(Advertinsje)