'Ajax meldt him by Hearrenfean foar Pierie'

27 mrt 2019 - 10:44

Ajax hat SC Hearrenfean offisjeel witte litten dat se Kik Pierie graach nei Amsterdam helje. Dat skriuwt De Telegraaf. De 18-jierrige ferdigener soe dizze simmer de oerstap meitsje kinne en Ajax soe ree wêze om Dennis Johnsen yn de deal te belûken.

Foto: www.orange-pictures.nl

Johnsen waard oardel jier lyn troch Ajax fan SC Hearrenfean oernaam, mar makke net in soad yndruk yn Amsterdam. Sûnt jannewaris spilet de Deenske oanfaller wer op hierbasis yn it Abe Lenstra Stadion.

Op útnûging by Champions League

De ynteresse fan de Amsterdammers foar Pierie is net nij. Sa wie hy (tegearre mei Ritsu Doan) op útnûging fan de kluplieding fan de Amsterdammers oanwêzich by de Champions League-wedstriid tusken Ajax en Real Madrid.

Pierie makke yn 2017 syn debút foar SC Hearrenfean en spile oant no ta mear as 50 wedstriden yn 'e earedifyzje. De jeugdinternational hat noch in kontrakt oant 2020 yn Fryslân. Dat betsjut dat Hearrenfean Pierie dizze simmer wol ferkeapje moat, oars rint hy takom jier fergees de doar út.

Gerry Hamstra, technysk manager fan SC Hearrenfean, wol gjin reaksje jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)