Stipe foar A7-blokkearders by rjochtbank yn Ljouwert

De rjochtbank behannelet woansdei it beswier fan njoggen A7-blokkearders dy't net wolle dat harren DNA yn de lanlike DNA-bank telâne komt. Se fine it fierstente fier gean dat se troch harren blokkade yn novimber 2017 op ien line set wurde mei oare kriminelen, sa lit ien fan harren witte.
Stipe foar A7-blokkearders by rjochtbank yn Ljouwert
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust leit út wêr't de saak no krekt oer giet
De behanneling fan it beswier is besletten. By de sitting wiene woansdeitemoarn twa A7-blokkearders.
Foar oanfang fan de sitting trof ferslachjouwer Auke Zeldenrust ien fan harren: Sander Slijver fan Dokkum. Wêr is hy no krekt sa lulk oer? "It stikje beswier fan DNA. Ik fyn dat it bûtenproporsjoneel is yn ferhâlding mei de saak en de straffen. Ik ha dêr wol stien, mar ik ha dy minsken en bus net oanrekke", fertelt Slijver.
Neffens him is trije wiken lyn DNA fan him ôfnaam. "Mei aardich wat plysjemacht ha se by my oan de doar west. Hússikingsbefel en alles. En dêrnei bin ik ôffierd nei Ljouwert."
Sander Slijver fan Dokkum stiet woansdei foar de rjochter

Maatskiplike libben

It feit dat Slijver foar de rjochter stien hat, hat neffens him in soad gefolgen foar syn maatskiplike libben. Sa soe hy syn oplieding net mear ôfmeitsje kinne en hat er problemen mei syn fersekering.
Slijver wol noch net diele wat er tsjin de rjochter sizze sil.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferskate minsken kamen nei de rjochtbank yn Ljouwert om de twa Friezen by te stean
Der kaam net allinnich stipe út Fryslân foar de twa blokkearders dy't woansdei foar de rjochter stean. Der stiet ûnder oaren ek in frou út Utrecht bûten by de rjochtbank. Op har T-shirt stiet: 'Zwarte Piet is geen racisme'. "Als het ons lukt om KOZP ervan te overtuigen dat het geen racisme is, dan hebben de blokkeerders daar ook weer profijt bij", fertelt de frou.
In man út Leiden wol ek syn stipe betsjûgje oan de twa Friezen. Hy kin it him goed foarstelle dat de njoggen blokkearders harren fersette tsjin it opnimmen fan DNA yn de databank. "Ze hebben daar gelijk in. Het opnemen van DNA in een databank is iets voor criminelen. En dit zijn geen criminelen."
It heger berop yn de strafsaak tsjin de helte fan de 34 A7-blokkearders sil tsjinje op 24, 25, 26 en 27 septimber.