Rjochter: Kallemooifeest mei hoanne yn koer mei trochgean

27 mrt 2019 - 10:00

De tradysje mei in hoanne yn in kuorke op it Kallemooifeest mei bestean bliuwe yn dizze foarm. Dat hat de rjochtbank besletten. By it feest op Skiermûntseach sit in hoanne trije dagen lang opsletten op 18 meter hichte.

Yn de útspraak seit de rjochtbank dat it wolwêzen fan in dier net oandroegen wurde kin om in evenemintefergunning ôf te wizen. Sprake fan dieremishanneling is der neffens de rjochtbank ek net, ûnder oare fanwegen de oanwêzigens fan in bistedokter, it monitoarjen, genôch beskutting, fretten en wetter. Ek út de rapportaazje fan in saakkundige docht neffens de rjochtbank net bliken dat der sprake is fan dieremishanneling.

Beropssaak tsjin gemeente

It Comité Dierennoodhulp wie yn berop gien tsjin de gemeente Skiermûntseach, om't boargemaster Ineke van Gent yn maaie ferline jier in fergunning ôfjûn hie. It komitee wol opkomme foar it wolwêzen foar de hoanne, mar fynt ek dat it festival in min foarbyld jout. Se sizze dat it no liket oft minsken foar eigen fermaak mar dwaan kinne wat se wolle.

Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Skiermûntseach fynt dat der genôch dien is om it wolwêzen fan de hoanne yn de gaten te hâlden. Der stiet in kamera op en der is dus in bistedokter dy't de hoanne yn de gaten hâldt.

Earder al in harksit

Ferline jier brochten foar- en tsjinstanners al har stânpunt nei foaren by in harksit op Skiermûntseach. Neffens Comité Dierennoodhulp kin it eilân ek goed feestfiere sûnder hoanne yn in mêst.

Kallemooi wurdt hâlden mei Pinkster, dat dit jier op 9 en 10 juny falt.

(advertinsje)
(advertinsje)