Kollum: "Formaasje"

27 mrt 2019 - 09:59

"Wetterskip Fryslân. Je hearre der eins nea safolle fan. Inkeld as se wer ris in miljoentsje of sân kwyt rekke binne. Dat merke wy oan it jierlikse rekkentsje, mar dêr steure we ús net oan. Dat heart sa, tinke we dan, dy lju dogge dochs goed wurk. En der komme lytse priizgjende stikjes yn de krante as ien of oare seedyk sân meter ophege is of as der fiif muskusrôtten fongen binne.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Ferline wike barde der lykwols echt wat. Ik ried yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch de Lege Midden. Ynienen sjoch ik in skym op it Prinses Margrietkanaal. Wat is dat? In pream mei in oanhingmotorke. En in skipper. Hy hat in pet op. Op de Krúswetters gie de tsjustere kombinaasje rjochting Warten. By de brêge, dy't nachts net draait en yn maart hielendal net, moat de mêst efkes del. Dan fart hy stadich nei de kant.

Dêr stiet in frommeske. De man kriget in krûpke. En tegearre, hân yn hân, skowe se it Earmhûs yn. Dêr wennet net ien mear yn, want der binne gjin earme minsken mear, seit Rutte. It is no in museumke. Ik slûp tichterby. Kin alles sjen, want in Earmhûs kin gjin gerdinen betelje.

It frommeske docht de lampe oan en har kapusjon del. Bliksems, dat is Tieneke Clevering. Dat is eeeh sy fan Water Natuurlijk. Hat ommers oan de wetterskipsferkiezings meidien. It twatal rint troch nei de grutte keamer, foarsafier't der grutte keamers yn in earmhûs binne.

Dêr sitte in stik as wat lju. Och heare, allegearre heale en heule wetterskipsbestjoerders. Natuerlju, mar ek Bram Bonnema fan de FNP. En sy fan Van Asten fan de PvdA sit der ek. Dan docht de tsjustere preamskipper syn pet ôf.

No ju, it is Gerben Gerbrandy (boeresoan-wetterskipsbestjoerder-wethâlder-boargemaster-takomstichearstekeamerlid). Wat moat dy hjir? Him wurdt gol de hân skodde. Dan begjinne se te mûskopjen.

Njonken my ynienen wat geritsel. Der dûkt noch ien út de strûken. Dat is eeeh dy eardere CDA-wethâlder fan Skarsterlân, dy Bé de Winter. Ferhip, dy sit ek yn it wetterskip. Hy sjocht nei it mûskopjen. Hy is CDA-er, mar hy flokt súntsjes.

Dan stekt hy de fûst omheech en ropt ynienen oer it stille Warten: "Wy binne de grutste, wy binne de baas, wy beneame ek in formateur". Dan rint hy mei brede stappen fuort en skuort rjochting Hartwert. Boerebestjoerder Sjoerd Galama leit noch op bêd, want hy hat de moarns nei ferkiezingen altyd in melker. Mar Bé de Winter skuort him der ôf. Oan it wurk!

Sa sitte se yn Warten en Hartwert om de tafel. Tieneke hat fantefoaren al wat maten opsocht en seit, mei de twa natuerminsken dy't net troch ús mar troch harren organisaasje beneamd wurde, dat sy de grutste is.

Dus hellet Bé de lanboulju op, dêr wêr't wy ek net oer stimd ha. En dan de oaren. It is in race tsjin de klok. It bart sels dat in nije wetterskipsbestjoerder skille wurdt troch Tieneke en Bé tagelyk om op kofje te kommen. Dan moatte je ferrekte hurd ja en nee sizze.

It hiele wykein wurdt der troch eamele. Want dat de grutste yn polityk en wetterskip altyd de formateur beneamd is inkeld mar in oanwinst. It stiet nearne. Moandeitejûn moat no it hiele nije wetterskipsbestjoer dêroer oardiele. Se hiene noch net iens de eed ôflein dat se gjin muskusrotten ferkeapje soenen.

Stimme. Foar lânbou út Hartwert of foar natuer út Warten. Je kinne beide roppe dat je dêrmei fuortendaliks net tsjin it oare binne, it bliuwt lânbou-natuer. Dan is it 12-12. Der is noch ien oer. Se sjogge allegearre nei Annet van der Hoek.

Se hat in fêste beneaming fan de Keamer fan Keaphannel yn it wetterskipsbestjoer. Se is ek PvdA-koryfee, hat yn it Ried fan Steat en Twadde Keamer sitten. De keazen PvdA-bestjoerders sieten yn it Earmhûs. Mar Annet van der Hoek fielde har better thús in Hidaard. Dat wûn mei 13-12.

In formaasje dy't oars wiken duorret is no yn trije dagen dien. Prima. Mar Bé en Sjoerd kieze no fansels inkeld allegearre eigen kofjefolk yn it bestjoer. Dat hiene Tieneke en Gerben ek dien as it oarsom west hie. De lânbou is fjouwer jier de baas oer de natuer yn Fryslân."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)