Automobilisten negearje ôfsetting fan ôfrit yn de Wâldwei

27 mrt 2019 - 08:25

Meardere automobilisten binne tiisdei de ôfrit Ljouwert yn de Wâldwei opriden, wylst dy ôfsletten wie foar ferkear. Dat meldt de plysje. De ôfrit wie ôfsletten fanwegen in oanriding.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

In lytse tweintich autobestjoerders lutsen har neat oan fan de pionnen en auto's dy't foar de ôfrit stiene en brûkten him dochs. Se rieden dêrby flak by de helpferlieners lâns dy't by de oanriding oan it wurk wiene.

De plysje docht yn it berjocht op Twitter de driuwende oprop om soks net te dwaan en helpferlieners feilich har wurk dwaan te litten.

(advertinsje)