Ilse de Lange haadact op de fergeze freed fan Oerrock

Ilse de Lange is de haadact op de fergeze freed fan it Oerrock-festival, ein maaie yn Oerterp. De 20-ste edysje fan it festival is al útferkocht, de fergeze freed is dan ek benammen bedoeld foar minsken dy't gjin kaartsjes bemachtige ha.
© ANP
Oare acts op de freed binne Van Dik Hout, Harry Slinger mei Drukwerk en it trio The Bluebirds mei ûnder oare sjongeres Elske DeWall. Foarôfgeand oan it jûnsprogramma is der in spesjaal programma foar de bern, mei optredens fan DJ Fire King en Jelle B.
De organisaasje warskôget wol dat minsken op tiid komme moatte. Ferline jier luts de fergeze freedtejûn it absolute rekôr fan 11.000 besikers. Dit is ek it maksimum oantal besikers dat tastien is.
Jorryt Taekema fan Oerrock oer de haadact fan freed