Ald-sirkustiger ferhuzet fan Nijeberkeap nei Súd-Afrika

27 mrt 2019 - 07:52

De tiger Caruso ferhuzet tongersdei fan de opfang fan Felida yn Nijeberkeap nei in park yn Súd-Afrika. De yn 2006 berne âld-sirkustiger kaam yn 2008 nei Nijeberkeap.

De tiger hie meardere operaasjes nedich, mar is no hielendal opknapt. It bist is dêrom klear foar de reis nei it 1.200 hektare grutte reservaat Lionsrock. Dat is yn 2007 opset troch VierVoeters, de oerkoepeljende stichting dêr't Felida ek ûnder falt. De grutte katten kinne hjir yn in beskerme omjouwing âld wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn petear mei Simone Schuls by Felida

Simone Schuls fan VierVoeters is bliid dat it no sa goed giet mei de tiger. "Het is een grote Siberische tijger die gemaakt is om lange afstanden te lopen. Hij is in gevangenschap geboren, dus hij kan niet terug naar het wild. Maar in Afrika kan hij een semi-wild bestaan leiden." Yn it park hoege de bisten net op jacht, se krije dêr fretten.

Caruso wennet no al alve jier yn Nijeberkeap, mar it is net te let om it bist te ferpleatsen. "Het is juist fijn dat hij verplaatst kan worden. Hij wil meer lopen en hij heeft een groter verblijf nodig", leit Schuls út.

Caruso giet tongersdei op reis. Om de tiger ta te rieden hat hy in training krigen om sels de reiskoai yn te gean, sadat hy net ferdôve hoecht te wurden.

Caruso wurdt nei bûten litten

(advertinsje)
(advertinsje)