Nije histoaryske sykmasine foar stêden en flecken Súdwesthoeke

27 mrt 2019 - 06:28

Altyd al witte wollen wêr't je oerpake of beppe út Snits krekt wenne? En wat se diene om rûn komme te kinnen? Dat kinne je fan oankommende freed ôf werom fine op in nije databank op ynternet fan de Fryske Akademy.

Yn de databank, dy't de namme 'Time Machine' krigen hat, steane digitale histoaryske kaarten út it tiidrek 1750 oant 1900. Neist Snits steane ek Balk, Sleat en De Jouwer op de kaart. Mei help fan de kaarten kinne je in soad ynformaasje fine oer de huzen en harren bewenners. Sa kinne je troch te klikken op in hûs net allinnich sjen wa't der krekt wenne, mar ek wêr't dy persoan berne is, wat syn of har fermogen wie en wat harren berop wie.

Karel Gildemacher oer de sykmasine

De ynformaasje is garre troch in oantal frijwilligers. Ien fan harren is Karel Gildemacher fan Snits. By him wie it de ynteresse yn syn eigen famyljeskiednis dy't him op dit paad brocht. "It hûs dêr't ik berne bin, dat stiet der net mear, mar wol is der noch de steech wêr't ik alle dagen trochhinne moast om nei skoalle te gean of nei tsjerke. En by tafal kaam ik der efter dat myn pake yn dizze steech wenne hat. Dat jout wol in ekstra diminsje oan sa'n plak."

Karel Gildemacher is ien fan de frijwilligers dy't de skiednis ûndersocht hat - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Mark Raat fan de Fryske Akademy is dat krekt wat minsken daliks opsykje sille yn de nije databank. "Minsken wolle harren eigen ferhalen achterhelje kinne. En dat kin no ek wol, mar dan moat je wol in hiel soad tiid stekke wolle yn it ûndersyk. Mei help fan dizze databank binne je daliks mei in pear klikken al in hiel stik wizer."

Sa sjocht de databank der út - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Earder hat de Fryske Akademy ek al dit soarte fan databanken publisearre oer Dokkum en Ljouwert. Noch foar de simmer moat dêr ek Frjentsjer noch by komme. Doel is om yn elk gefal alle Fryske stêden yn de databank te krijen. De Time Machine, of tiidmasine, fan de Fryske Akademy foar Snits, Balk, Sleat en De Jouwer wurdt kommende freed offisjeel lansearre.

(advertinsje)
(advertinsje)