"Fries Museum net allinnich spegel fan it ferline, mar ek laboratoarium foar de takomst"

Hâld op mei it minderheidstinken en doar te feroarjen. Dat wie tiisdeitejûn it boadskip fan Fries Museum-direkteur Kris Callens yn Teäter Snits oan alle Friezen. De Belch wie útnûge om de jierlikse Magister Alvinus Lezing te fersoargjen. Dit wykein kamen der al in protte reaksjes op syn stelling dat Fryslân ôf moat fan har tradisjonele symboalen en op 'e syk moat nei nije.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It Fries museum en ek it Keramykmuseum Princessehof, der't Callens ek direkteur fan is, kinne dêrby as foarbyld tsjinje, troch de ynternasjonale gearwurkings dy't beide musea ûnderhâlde, sa sei Callens.
"Wat ik geprobeerd heb te laten zien, is dat de verandering die het Fries Museum zelf ook heeft ondergaan, een verandering ten goede was. Ik hoop dat dat ook inspirerend is voor de hele provincie, dat we het verleden blijven koesteren. Maar dat we geen angst moeten hebben om nieuwe paden te zoeken voor onze toekomst.
Fries Museum-direkteur Kris Callens
Callens fynt dat âlde symboalen, lykas it brûnzen byld fan Us Mem oan de Harnzersingel yn Ljouwert, plak meitsje moatte foar nije symboalen. "We moeten wel met z'n allen samen op zoek naar die toekomst. Ik geloof dat de verbeelding dan als eerste aan zet is. Vandaar het idee om daar een kunstwerkicoon voor te verzinnen."
Der sil gearwurke wurde mei ferskate lannen, lykas Sweden en Yndia. Der wurdt dus ynternasjonaal sjoen. "Saskia is weer op weg naar Kassel. Het Princessenhof is bij uitstek een internationaal museum. Er komen later dit jaar bruiklenen uit Zuid-Korea en Singapore voor naar Leeuwarden. Dat internationale heeft altijd in Fryslân gezeten."
Neffens Callens moat it Fries Museum net allinnich in spegel fan it ferline wêze, mar ek in laboratoarium foar de takomst.
It Fries Museum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Besikers fan de lêzing oan it wurd
Besikers fan de lêzing fine it in lestige kwestje. "Je moet ook buiten je regio kijken. We zijn deel van de wereld en als je die wereld wat dichter naar Fryslân kan trekken, is dat alleen maar mooi", fertelt in oanwêzige.
In oare man kin him ek wol fine yn de wurden fan Callens. "We zijn zo langzamerhand in een individualistische samenleving beland en dit gooit de hele zaak open. Hier moet iedereen enthousiast over worden."

Sietske Poepjes

Deputearre Sietske Poepjes is it net yn alles mei Callens iens, mar fynt it wol goed dat de direkteur fan it Fries Museum yn it jier nei de fiering fan de Kulturele Haadstêd it ûnderwerp op 'e aginda set. Poepjes hat sels de yndruk dat Callens wat provosearret om de diskusje los te meitsjen.
De kultuerdeputearre is sels fan betinken dat Fryslân mei nije symboalen as it nije stânbyld fan Jan Ketelaar op de seedyk by Holwert en it 11Fountains-projekt minder âldfrinzich is as wolris tocht wurdt. "Mei Us Mem is neat mis, mar net eltse Fries is in agrariër. Ik kin my goed in takomst foarstelle mei âlde symboalen én nije."
Deputearre Sietske Poepjes oer Callens syn taspraak