Yn Harns restaurearre lâningsboat komt nei 75 jier werom nei Normandië

26 mrt 2019 - 22:53

In bysûndere boat sil woansdei in stikje farre yn Harns. It giet om in orizjinele lâningsboat model LCVP. Dit type boat hat 75 jier lyn in wichtige rol spile by de ynvaazje fan Normandië en dêrmei de befrijing fan Europa. De boat is it ôfrûne jier restaurearre yn Harns yn opdracht fan BAIV (British American Infantry Vehicles), de organisaasje dy't histoaryske tanks en pânserweinen opknapt.

Foto: www.navsource.org

De boat is it ôfrûne jier folslein renovearre yn Harns, yn opdracht fan BAIV. "We kwamen een tijd geleden dit schip tegen in Engeland en dat hebben wij verkocht aan een Amerikaanse opdrachtgever. En die wilde het in oude luister herstellen", fertelt Ivo Rigter fan BAIV. "Zo hebben we die banden weer aangehaald en is het schip in Fryslân weer gerestaureerd. Robert Jan Feith heeft de feitelijke restauratie gedaan."

Grutskalige betinkingen

Dit jier binne der yn Normandië grutskalige betinkingen fan D-day, dêr't BAIV ek in programma foar opsteld hat. It plan is om de boat op 6 juny, dus eksakt 75 jier nei dato, noch in kear lânje te litten op Omaha Beach yn Normandië. Op de boat sil de hast orizjinele bemanning meifarre.

Nei de tocht sil de boat nei Amearika skipe wurde, dêr't er ea boud is. Dêr sil er diel útmeitsje fan it takomstige National Museum of Military Vehicles yn Dubois, Wyoming.

Foto: Ivo Rigter

Ivo Rigter oer de bysûndere boat

De boat is neffens Rigter bysûnder, omdat der net in soad mear fan binne. Der binne tûzenen boud, mar der binne noch mar in pear oer. "Het is een halve amfibie feitelijk. Je kunt ermee op land en op water."

Yn Ingelân hat er sa'n fjirtich jier bûten lein. "Dat ding zag er best redelijk uit in eerste instantie. Maar er is onvakkundig aan gesleuteld. Het scheelde niet veel, of hij viel uit elkaar. Maar het originele kompas en de originele vlag zitten er nog op."

Proeffarre

Woansdei sil der proeffearn wurde mei it skip en dan is dus de lêste kâns om de unike boat noch ris farren te sjen yn Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)