Keunstprojekt mei dykdoazen op Skiermûntseach giet net troch

26 mrt 2019 - 22:22

In keunstprojekt mei dykdoazen op Skiermûntseach giet foarearst net troch. De stichting Sense of Place en Noorderlicht/Huis van de Fotografie hawwe net genôch subsydzje by elkoar krije kind. De partijen woene yn de rin fan dit jier in keunstprojekt op it eilân útfiere.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Eilanners dy't dwaande binne mei fotografy en keunst wiene útnûge om te helpen om dit projekt fan de grûn te krijen. De ynformaasjegearkomste op 28 maart is no ôfsein.

Sense of Place en Noorderlicht wolle it projekt no yn 2020 fan 'e grûn krije, ek al omdat der oant no ta in soad entûsjaste reaksjes wiene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)