Meslûkende Drachtster (38) feroardiele ta finzenis- en wurkstraf

26 mrt 2019 - 22:03

In 38-jierrige man út Drachten is tiisdei feroardiele ta in finzenisstraf fan 101 dagen en in wurkstraf fan 120 oeren. Dêrnjonken moat er him ferplicht behannelje litte. Op 6 novimber 2018 bemuoide de man him op de Hooizolder yn syn wenplak mei in stel dat in ûnderling skeel hie.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy belle oan en sei tsjin de bewenner dat er fan syn frou ôfbliuwe moast. Doe't beide manlju yn de gong tsjinoer elkoar stiene, luts de Drachtster in mes wêrmei't er in stekkende beweging nei de holle fan de oare Drachtster makke. Dy koe noch krekt fuortdûke, wêrnei't it mes yn de meterkast efter him bedarre.

De rjochtbank oardiele dat de bewenner it mes yn de holle krije kind hie as er net fuortdûkt wie.

Behanneling

De Drachtster fersette him ek noch by de oanhâlding troch de plysje en misledige en bedrige plysjeminsken. Hy moat him behannelje litte yn it forinsyske klinyk. Dêrnei folget in ambulante behanneling.

De finzenisstraf is gelyk oan de tiid dat de man yn foararrest sitten hat. Ek krijt er noch 400 dagen ûnder betingst mei in proeftiid fan trije jier. Yn dy proeftiid mei de man gjin alkohol drinke.

(advertinsje)