Eaststellingwerf komt mei nij útfieringsplan foar drugsoanpak

26 mrt 2019 - 21:49

It is in bekend fenomeen yn Eaststellingwerf: de drugsproblematyk. Jongeren yn de gemeente brûke yn trochsneed mear drugs as gemiddeld yn Fryslân. Yn Easterwâlde hawwe al ferskate ynsidinten west en binne der sels deaden fallen yn it drugssirkwy. Foar it kolleezje is it tiid om dêr wat oan te dwaan. It hat resintlik it útfieringsplan drugsoanpak Eaststellingwerf fêststeld.

Foto: Gemeente Eaststellingwerf

Achter de skermen wurdt der al skoften wurke oan in nije oanpak fan it drugsprobleem. Net allinnich oan de himpteelt en it dealen fan drugs, mar ek oan previnsje. "Wy fine it wol wichtich dat dizze saak, nei alles wat der bard is, goede oandacht krijt. En we wolle sjen oft we it noch fierder yntinsivearje kinne, dy oanpak fan drugs", leit boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf út.

Spearpunten

"Wat wy it wichtichst fine, is dat wy no mei de ferskillende partners dy't wy hawwe yn dit ferhaal, lykas skoallen, plysje, it Ryk, ensfh., dochs de sinjaalfunksje ferbetterje. En dêrtroch mear sicht krije op wat der bart yn Eaststellingwerf en it ek better oanpakke kinne."

Fierder leit de gemeente de klam op de útfiering fan de Opiumwet. "Wy kinne pannen slute as der drugs oantroffen wurde. We sille de Aso-wet ymplemintearje. Wy hawwe 'hennepruimdagen'. We sille dossiers opbouwe fan fertochte lokaasjes", sommet Oosterman op.

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf oer de drugsoanpak

"Wy binne wol realistysk fansels. Je sille dy problematyk nea hielendal ûnder de knibbel krije, yn dy sin dat it net mear bestiet. Mar je wolle wol druk hâlde op dat miljeu om te foarkommen dat der dochs wer kweke en deald wurdt. Dat is in lange en hurde striid."

Fan de Ried ferwachtet Oosterman gjin wjerstân. Dy binne it der neffens him hielendal mei iens, omdat dy yn it ferline al ferskate kearen oandacht frege hat foar de problematyk.

(advertinsje)
(advertinsje)