Noch gjin grien ljocht foar 'Grinslanner wynmûnen' yn Fryslân

26 mrt 2019 - 20:59

Deputearre Steaten wegerje om mei te wurkjen oan in proef mei it pleatsen fan saneamde 'Grinslanner wynmûnen' yn de gemeenten Achtkarspelen, Waadhoeke, Eaststellingwerf en Weststellingwerf. Grinslanner wynmûnen binne mûnen fan fyftjin meter heech, dy't yn Grinslân troch in soad boeren brûkt wurde foar it opwekken fan de eigen enerzjy.

Ek yn Fryslân wolle ferskate boeren graach sa'n mûne op eigen hiem pleatse, mar de provinsjale regels steane no gjin wynmûnen ta dy't heger binne as tsien meter.

Polityk kontroversjeel

Omdat it om in 'polityk kontroversjeel' ûnderwerp giet, sil it sittende demisjonêre kolleezje dy regels ek net mear feroarje. Yn de Fryske polityk jildt benammen de FNP as in fûl tsjinstanner fan nije wynmûnen op it lân. "Je meie it in striidpunt neame, ek al wurdt der by ús ferskillend oer tocht", seit FNP-listlûker Johannes Kramer dêroer.

It sittende kolleezje giet der fan út dat it ûnderwerp by de koälysjefoarming fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten oan 'e oarder komt en fynt it better om de beslútfoarming oer te litten oan de nije Steaten en it nije Kolleezje fan Deputearre Steaten. "It brief fan dizze fjouwer gemeenten is in dúdlik sinjaal, mar feroaret dêr fierder neat oan", seit Kramer.

Deputearre Johannes Kramer oer de Grinslanner wynmûnen

(advertinsje)