Posityf kontakt is wichtich yn opfiedboek 'Opvoedtakel'

26 mrt 2019 - 20:33

It klinkt sa logysk: posityf wêze, helbere grinzen stelle en as âlder goed om dysels tinke. Mar wêrom giet it by it opfieden fan bern dochs sa faak ferkeard? Yn it boek 'Opvoedtakel' lizze Carina Klinkvis en har kollega Erwin van der Veen út hoe't je it as âlden je bern sa goed mooglik opfiede kinne. It idee fan de 'opfiedtakel' wûn in wichtige priis en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens is sa entûsjast dat hy takom wike woansdei it boek yn ûntfangst nimt.

'Romje dyn guod op! Meitsje dyn húswurk.' "Dit binne saken dy't eltse âlder wol tsjin de bern seit. En dat is ek logysk", seit skriuwer Carina Klinkvis, "om't minsken harren húshâlding op oarder hâlde wolle. En it sit net sa yn ús kultuer om kompliminten te jaan, mar yn praktyk hat dy oanpak net in goeie útwurking."

Posityf kontakt

Fragen as 'Hoe wie dyn dei?' en 'Wolst in kopke tee?' soargje derfoar dat der posityf kontakt makke wurdt mei bern. Dêrnei is der mear reeëns om wol guod op te romjen. Simpele dingen, lykas posityf wêze, kin dus helpe om wer in noflike sfear te hawwen yn 'e hûs, sizze de skriuwers.

Sawol Klinkvis as Van der Veen wurkje mei probleemhúshâldingen wêrby't úthûspleatsing driget. Sy sjogge dat harren tips en tools út it boek yn de praktyk wurkje.

(advertinsje)