Jild út Mienskipsfûns foar MadNes en oare Waadprojekten

26 mrt 2019 - 20:08

It festival MadNes op It Amelân en santjin oare projekten op de Fryske Waadeilannen krije jild fan it Iepen Mienskipsfûns. Yn totaal betellet it fûns fan de provinsje Fryslân 577.950 euro oan de projekten. It festival MadNes krijt dêrfan 13.200 euro.

Foto: Bas Arps

It muzyk-, sport- en duorsumensevenemint sil dit jier eksperimintearje mei sirkulêre systemen. MadNes fynt plak op it strân en hat dêrmei rioelproblemen. De nijste technologyen wurde tapast om it rioelwetter op 'e nij te brûken. Dat projekt kostet op syn beurt 33.000 euro.

Yn 2019 kin der noch op twa mominten subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns oanfrege wurde, yn april en septimber. Betingst is wol dat it projekt de leefberens ferbetteret.

(advertinsje)
(advertinsje)