Under oaren Høegh bliuwt; SC Hearrenfean noch yn petear mei oare spilers

De spilers Daniel Høegh, Lucas Woudenberg, Jizz Hornkamp en Jordy Bruijn steane ek takom seizoen ûnder kontrakt by Sportklup Hearrenfean. De klup hat de opsjes yn it kontrakt fan de spilers lichte. Dat moat tradisjoneel foar 1 april barre.
Daniel Hoegh © www.orange-pictures.nl
De wurkoerienkomsten fan Stijn Schaars, Morten Thorsby, Pelle van Amersfoort, Doke Schmidt en Jan Bekkema rinne oan de ein fan dit seizoen ôf. Ek wurdt de opsje yn it kontrakt fan Yuki Kobayashi net lichte.
Dat betsjut net dat Sportklup Hearrenfean ôfskied fan de spilers nimt. De klup en spilers ha de romte om yn petear te gean oer in nij kontrakt. Mei Woudenberg, Hornkamp en Bruijn is de klup al yn petear om se langer oan de klup te binen.