Achttjin jier sel foar Grouster drugssmokkeler

In 27-jierrige man fan Grou hat troch de rjochter yn Bristol, Ingelân, in selstraf fan 18 jier oplein krigen foar syn rol yn it smokkeljen fan 1.400 kilo oan kokaïne. Mei fjouwer oaren waard de Grouster yn septimber arrestearre doe't se besochten de drugs Grut-Brittannië yn te smokkeljen. It wie ien fan de grutste drugsfangsten fan dat lân ea. De fangst hie in wearde fan sa'n 131 miljoen euro.
© National Crime Agency
De Grouster siet op de katamaran Nomad, dy't nei de Ingelske kust fear, doe't de grinskontrôle op it wetter de boat tsjinhold. Ienkear oan de fêste wâl waarden de fiif manlju oanholden. Dat barde yn it plakje Newlyn, yn it uterste súdeasten fan Ingelân.
De twa Britske haadfertochten krigen 28 jier selstraf. De skipper fan de boat, dy't út Estlân komt, krige 30 jier oplein. In bemanningslid út Letlân moat 16 jier de sel yn. Se moatte op syn minst de helte fan harren opleine straf útsitte, foardat se yn oanmerking komme foar frijlitting.

Operaasje

De operaasje kaam ta stân troch in gearwurking fan teams út ferskate lannen, nei ynformaasje fan in maritym sintrum yn Lissabon, dat it tsjingean fan drugshannel yn de EU koördinearret.