Tryater nei 40 jier werom op âldste poadium fan Ljouwert

26 mrt 2019 - 17:45

Nei 40 jier is Tryater werom op it âldste poadium fan Ljouwert: Zalen Schaaf. It is it plak dat eartiids de basis wie fan it selskip, mar de takomst fan it teäter is ûnwis.

PETEAR FH Foarútsjen op premjere Tryater: Trouwerijen, ensfh.

Tryater spilet in moanne lang har nije stik 'Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op' fan de Flaamske skriuwer Arne Sierens. De premjêre wurdt spile op 28 maart yn Zalen Schaaf.

'Ik hâld der mei op, sil trouwe én ferhúzje nei Oostende', kundiget Yolande oan yn feestseal De Rialto. Se is prostituee en wol mei har pubersoan Thierry lokkich wêze, se wit allinne net hoe. Dat is it sintrale tema yn de nije foarstelling fan Tryater. "Ferline jier waard it wurd 'mienskip' safolle neamd", fertelt regisseur Tamara Schoppert. "Dêrom woe ik wolris ynzoome op in lytse mienskip en hoe't it dêr dan krekt wurket."

In titel dy't net út te sprekken is

Neist it ferhaal wie it ek de titel fan it stik dy't Schoppert gelyk oanspruts. "Gewoanwei hast net sokke lange titels fansels en minsken kinne it ek hast net útsprekke. Dêrom wurdt it no al: it stik mei in titel dy't net út te sprekken is."

Foto: Tryater

It is gjin tafal dat alle foarstellingen fan it teäterstik plakfine yn Zalen Schaaf. Schoppert: "It ferhaal spilet him ôf yn feestseal De Rialto. Dêr lient dit plak him hiel goed foar."

Mar haadrolspylster Aly Bruinsma hat har eigen oantinkens oan it poadium fan Zalen Schaaf. Dêr hat sy 40 jier lyn audysje dien foar de toanieloplieding foar Tryater. Yn de fideo hjirûnder fertelt se dêroer.

Ynstart Aly Bruinsma

Histoarje Zalen Schaaf

Zalen Schaaf is ien fan de âldste teaters fan Nederlân. Fan Piter Jelles Troelstra en Mata Hari oant Chuck Berry en Motörhead, it binne in pear foarbylden fan de optredens dy't plakfûn ha op it poadium. De histoarje fan it pân begûn 221 jier lyn, doe't Gerrit van der Wielen in boufallige, katolike tsjerke kocht en in konsertseal fan 6 by 18 meter bouwe liet yn syn tún.

Dêrnei wikselet it pân meardere kearen fan eigener en wurde der hieltyd mear sealen by boud. In gebou fol histoarje. Sa hat Mata Hari har earste dûnslessen der hân en op it poadium stiene nammen as Chuck Berry (2000 en 2008), Motörhead (1998), Percy Sledge (2007), Alan Price van The Animals (2010), The Jayhawks (1995) en Rockbitch (1997).

Foto: HCO

Sûnt ein 2018 ôf stiet de takomst fan de konsertseal faai. De gemeenteried woe it gebrûk fan Schaaf oant 31 desimber 2018 stypje en behearder Carel Nout joech oan der mei op te hâlden.

Briedplak foar jongerein

De Stichting Vrienden van Schaaf kaam doe yn aksje en mei sukses: it behâld fan de âlde seal, yn elk gefal foar ien jier. In plan foar de takomst kin wêze it gebou te brûken as ien fan de saneamde 'briedplakken'. Dêr moatte jonge minsken de romte krije om har te ûntwikkeljen.

Jongere generaasje lûkt werom

Anna Raadsveld is dêr in foarbyld fan. Sy spilet in freondinne fan Aly Bruinsma en is nei in soad suksesfol telefyzje- en teäterwurk weromkommen yn Fryslân. Neffens Schoppert is dit in trend fan de ôfrûne jierren, "Elkenien tinkt dat it noch altyd te heljen falt yn Amsterdam, mar dat is net mear sa. De generaasje dy't út Fryslân gien is, komt no stadichoan werom. Se sjogge hjir de mooglikheden en de romte."

Op 28 maart giet it teaterstik 'Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op' yn premjêre yn Zalen Schaaf. Op de webside fan it toanielselskip is mear ynformaasje oer de foarstelling te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)