Selstraffen easke tsjin Roemeenske pistasjdieven

Tsjin trije Roemenen dy't ferline jier guod út tal fan winkels stellen ha, binne tiisdeitemiddei selstraffen oant twa jier easke. De trije wiene foaral út op pistasjnuten. Se ha hûnderten pûdsjes stellen. Neffens ien fan de fertochten koene se dy mei moai wat winst trochferkeapje.
© Pexels.com
Fierder hiene se it ek foarsjoen op kofje, iterij en fersoargingsprodukten. De trije waarden trappearre by in supermerk oan it Cambuurplein yn Ljouwert. De plysje fûn yn it navigaasjesysteem fan har auto ek de adressen fan winkels yn Ljouwert, De Jouwer, Snits, Drachten en Stiens.
Tsjin de haadfertochte waard twa jier sel easke. Tsjin de oare fertochten sechstjin en sân moanne. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.