Spesjale Fûgelwacht-app foar Nordwin College lansearre

Hoe krijst de natuer en foaral greidefûgels tusken de earen by pubers? Mei in app op de telefoan fansels. It Nordwin College en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) ha elkoar dêr foar opsocht.
App fûgelspot
It BFVW hie al in spesjale app, dy't yn it fjild brûkt wurde kin om troch te jaan wêr't fûgels sitte en har nêsten ha. Learlingen, studinten en dosinten fan it Nordwin College krije no in spesjale ûnderwiisedysje fan dy Fûgelwacht-app. Mei as ultym doel om se waarm te krijen foar de greidefûgels en dy har plak yn de lânbou.
De ûnderwiisedysje fan de app is tiisdei lansearre yn in fjildles foar mbo-studinten. Alle ûnderwiisrjochtingen binnen it Nordwin College kinne hjir eksklusyf gebrûk fan meitsje.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn de ûnderwiisedysje fan de Fûgelwacht-app binne ek links te finen nei digitaal lesmateriaal oer greidefûgels en natuerynklusive lânbou. "Deze vorm van landbouw staat als innovatiethema hoog op de agenda van ons groene onderwijs", seit dosint Gerard Tamminga. "Met deze app kunnen onze leerlingen, studenten en docenten een mooie bijdrage leveren aan de groene sector."
It BFVW die al in soad oan edukaasje, mar oant no ta benammen foar it basisûnderwiis. Mei de útwreiding nei it middelbere ûnderwiis besiket it bûn no ek de fergrizing ûnder de leden oan te pakken.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra