Mearderheid foar oanhâlden ien tiid, Europarlemintariër Huitema stimt tsjin

26 mrt 2019 - 16:55

Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea hat tiisdeitemiddei yn Straatsburg tsjin it ôfskaffen fan it wikseljen tusken simmer- en wintertiid stimd. In mearderheid fan it parlemint wie lykwols foar it ôfskaffen, en dat soe betsjutte dat it yn 2021 klear is mei it fersetten fan de klok.

Jan Huitema - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Ik wie der benaud foar dat it in soadsje wurdt as it iene lân it iene docht en it oare lân it oare. Ik fyn it better as we as lannen earst tegearre mar ris beslisse wêr't we hinne wolle, foardat we it hielendal ôfskaffe", fertelt Europarlemintariër Jan Huitema.

De twadde reden leit foar him wat persoanliker. "Ik snap dat it foar âlden mei bern lestich is, mar oan de oare kant: wêrom wolle je dit feroarje? Winterdeis hawwe je dan betiid ljocht en simmerdeis hast noch in moaie lange simmerjûn noch."

Timing

Neffens Huitema is de timing fan de stimming net goed en komt dy te betiid. "Ik fyn dat we wol oare soargen hawwe hjir, mei de Europeeske Uny. Mar as we it gewoan loslitte, dan foarsjoch ik wol dat it in soadsje wurdt."

12 oere - Foto: Shutterstock.com

Lannen meie noch net sels bepale hoe't se it dogge mei de simmer- en wintertiid. No wurdt it noch regele fia Europeeske Uny. "Ik fyn dat de dingen dy't je as lân regelje kinne, dat hoecht Brussel net te dwaan. Mar dat we no it risiko rinne dat alle lannen wat oars dogge, liket my net handich. Dêrom ha ik tsjin stimd."

Melkfeehâlder

Huitema is ek melkfeehâlder. Mar wat foar gefolgen sil it feroarjen foar him en oare melkfeehâlders hawwe? "It grutte foardiel is: ús fee kin net kloklêze. It iennige dat je dwaan moatte, is op itselde momint melke fanwege it bioritme fan de ko. Dus as boer kinne je winterdeis in oerke langer útsliepe en simmerdeis in oerke earder út bêd. Mar dêr kinne je as boer wol in oplossing foar fine.

Europarlemintariër Jan Huitema oer de ôfskaffing fan it fersetten fan de klok

In mearderheid fan it Europeesk Parlemint is foarstanner fan it ôfskaffen fan de ferskillende tiden, dus nei alle gedachten sille dy ôfskaft wurde. Wat it dan wol wurde sil, simmertiid of wintertiid, dat is noch net dúdlik. It doel is dat der yn 2021 in beslút naam is.

Huitema sjocht dat lykwols net barren. "Ik leau net dat we alle lannen op ien line krije kinne. Dus ik leau net dat it ôfskaft wurdt yn 2021." En Huitema sels? Dy sjocht leaver dat de simmertiid oanhâlden wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)