Undersyk nei helberheid wellness op It Amelân

26 mrt 2019 - 16:31

De gemeente Amelân lit de helberheid ûndersykje fan in wellnesssintrum op it plak fan it fertutearze subtropysk swimbad Aqua Plaza. In mearderheid fan de gemeenteried hat dêr foar stimd en wol der wol 50.000 euro ynstekke. De partijen dy't foar stimden, fine dat der wat gebeure moat.

Foto: Frank Hulsebos

De VVD op It Amelân is tsjin op it ûndersyk. De partij is it der net mei iens dat der mienskipsjild giet nei in ûndersyk dat allinne nut hat foar ûndernimmers. Ek it CDA sjocht leaver dat it jild oan wat oars útjûn wurdt, bygelyks oan soarch of sosjale wenningbou.

(advertinsje)
(advertinsje)