Seis moanne selstraf foar ûnferbetterlike oplichtster (47)

26 mrt 2019 - 16:01

In 47-jierrige frou út Almelo is tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta seis moanne sel. De frou waard oanklage fanwegen stellerij en oplichting, ûnder mear yn Burgum en op It Hearrenfean.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de simmer fan 2016 hie de frou jild stellen fan in pear út Burgum. Yn deselde perioade hat se oant twa kear ta in ynstelling foar finansjele needhelp en in elektroanikawinkel op It Hearrenfean oplichte.

It strafblêd fan de frou giet werom ta 1991. Se is al faker feroardiele foar stellerij en krige sels ien kear tbs mei twangferpleging oplein.

Al 34 gefallen

Yn septimber foarich jier is de frou troch de rjochtbank yn Almelo feroardiele ta trije jier sel en ien jier ûnder betingst, foar yn totaal leafst 34 gefallen fan oplichting. Se moat oan de Fryske slachtoffers goed 2.600 euro betelje.

(advertinsje)