Drogisterijketen Op=Op Voordeelshop fallyt ferklearre

26 mrt 2019 - 15:43

Drogisterijketen Op=Op Voordeelshop is tiisdei fallyt ferklearre. De keten hat sân winkels yn Fryslân en frege dat fallisemint moandei oan. It bedriuw seit dat it lêst hat fan 'útdaagjende merkomstannichheden'. Ek groeide de keten de lêste jierren hurd, wat ten koste gie fan de finansjele stabiliteit.

Foto: Google Street View

De winkels bliuwe foarearst iepen, mar guod bestelle fia de webshop kin net mear. Der is in kurator oansteld. Dy ûndersiket oft in trochstart mooglik is.

It bedriuw hat oer hiel it lân 1.164 meiwurkers, dy't benammen yn dieltiid wurkje. Mei elkoar giet it om 318 foltiidbanen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)