Fuotbalster Sisca Folkertsma mist WK troch blessuere

26 mrt 2019 - 15:23

Sisca Folkertsma moat in streek sette troch it wrâldkampioenskip fan oankommende simmer. De fuotbalster fan Sleat is ôfrûne freed blessearre rekke en dêrtroch tusken de njoggen moannen en in jier út 'e rûlaasje, meldt har klup FC Twente. It giet om in krúsbânblessuere.

Sisca Folkertsma yn it shirt fan FC Twente - Foto: www.orange-pictures.nl

De middenfjilder spile de ôfrûne tiid hieltyd wer yn de seleksje fan de Nederlânske fuotbalfroulju. Op de Algarve Cup, in moanne lyn, krige se ek spylminuten fan bûnscoach Sarina Wiegman. Dêrtroch wie se ek yn byld om diel út te meitsjen fan de WK-seleksje fan Nederlân, mar har krúsbânblessuere smyt dus roet yn it iten.

It wrâldkampioenskip frouljusfuotbal set yn juny útein yn Frankryk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)