Rederij Doeksen ferwolkommet miljoenste boeker

26 mrt 2019 - 15:03

Rederij Doeksen hat moandei de miljoenste online-boeker, sûnt de nije webside twa-en-in-heal jier lyn de loft yngie, yn it sintsje set. It gie om in famylje út Arnhem. Underweis nei Flylân waarden se troch it haad kommunikaasje fan Doeksen ferrast en krigen se ûnder oare in blomke.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Online boeke koe dêrfoar ek al, mar mei de nije webside giet dat noch makliker. Reizgers kinne mei de nije side ek boeke fia de telefoan en de tablet. Dat is dus al in miljoen kear dien. Sûnt ferline wike hat de rederij ek in app, sadat it regeljen fan in boatreis noch makliker giet.

Trefwurden: 
app rederij webside Doeksen boeke
(Advertinsje)
(Advertinsje)