Us Iten: "Bôle út Wytmarsum, fisk út Heech en lammefleis út Skearnegoutum"

De ôfrûne jierren binne der rûnom yn Fryslân ferskate enerzjykoöperaasjes oprjochte. Dat moat ek mei iten kinne, tocht Bregje Hamelynck út Sibrandabuorren en dus ûntstie dêr Us Iten, de earste Fryske fiedselkoöperaasje. "It idee is dat we witte wêr't ús iten weikomt."
Voedselkoöperaasje
In fiedselkoöperaasje is in koöperative feriening fan konsuminten mei it doel om op duorsume wize iten te keapjen. "Minsken kinne by Us Iten produkten út de direkte omjouwing helje", fertelt Hamelynck.
"Lykas bôle út Wytmarsum, fisk út Heech en lammefleis út Skearnegoutum. Wat we lokaal net ha, komt út de regio en wat we net út de regio helje kinne, komt fan de gruthannel. De biologyske fansels."

Mei elkoar

Hoe wurket sa'n fiedselkoöperaasje lykas Us Iten dan krekt? "We dogge it mei elkoar. It iten komt by ús binnen en moat dan ferdield wurde. Dêr helpt elkenien dy't by de koöperaasje oansluten is oan mei. Dêrtroch kinne we de kosten leech hâlde en binne de prizen by ús leger as by de biologyske winkel. Elk lid kin online de produkten bestelle en letter by ús ophelje."
Bykommend doel is ek dat in lyts doarp troch middel fan de koöperaasje wer in in eigen winkel krijt.
Bregje Hamelynck en Michel Paulius © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Bregje en har man Michel Paulius buorkje op harren tún folslein biologysk. Dat betsjut gjin keunstdong, gjin bestridingsmiddels en de grûn sa min mooglik fersteure. Dus net ploegje en net omspitte, mar sa ûndjip mooglik skoffelje.
Sa bliuwt de biodiversiteit fan de grûn sa goed mooglik yn stân. Dat ferheget de fruchtberens en de opbringst, soarget derfoar dat der mear CO2 yn de grûn fêstlein wurdt en dat de grûn it wetter better fêsthaldt. It bedriuw hie dêrtroch ferline jier eins gjin lêst fan de drûchte.

Kursussen

Bregje jout yn gearwurking mei de feriening Duorsume Doarpen kursussen oan minsken dy't mei in konsept oan de gong wolle. Ek wurdt der wurke oan in kompjûterprogramma dat it opsetten fan in fiedselkoöperaasje makliker makket.
It idee is net allinnich geskikt foar in groep minsken mar kin ek brûkt wurde troch boeren dy't harren produkten streekrjocht oan de konsuminten ferkeapje wolle.
Woansdei 27 maart is der yn it doarpshûs fan Rie fan 17:00 oere ôf in gearkomste oer it opsetten fan fiedselkoöperaasjes.
Bregje Hamelynck oer fiedselkoöperaasje Us Iten